Jan Arendz en Marijke Geertsma

Jan Arendz (Jeth, 26 febrewaris 1952)
is in Fryske akteur út Wytgaard dy't by Tryater spilet.

 

Jan Arendz komt út it amateurtoaniel en is dêryn ek aktyf as dosint, coach en sjuerylid. Arendz groeide op as âldste fan fiif bern op in pleats. Hy gie earst nei de MULO en dêrnei nei de HBS yn Snits. Nei noch twa jier Havo-top waard er röntgenlaborant yn it diakonessehûs yn Ljouwert. Yn Boazum spile er mei in groepke ienakters. Graach hie er nei de toanielskoalle wold, mar de menniste dûmny sei: "Er zijn goede en slechte akteurs.                   Er zit niks tussenin. Waar hoor jij bij?" Hy gie dus net nei de toanielskoalle en hat altiten nei dûmny hearre moatten. 

Arendz is troud mei Marijke Geertsma dy't ek by Tryater spilet. Hy wenne letter yn Ljouwert.Yn 2010 krige er de Pyt van der Zee-priis. De priis waard him útrikt troch deputearre Jannewietske de Vries, dy't mei him in dialoochje spile yn de styl fan de kafeefoarstelling Twa.

Bron: WikipedY


Jan Arendz en Marijke Geertsma

Marijke Geertsma (22 maart 1952, Jobbegea tredde Slûs)
is in Fryske akteur út Wytgaard.

 

Se spilet sûnt 1974 by Tryater, fan 1988 ôf foltydsk. Se kaam út in húshâlding fan acht bern, wêrfan't leafst sân yn it ûnderwiis bedarren. Nei in tal oreizen yn Marokko en yn it Eastblok moete se har lettere man Jan Arendz. Nei harren trouwen wennen se oant 1979 yn Wiuwert en kamen se beide by Tryater. Se hat it fak yn de praktyk leard, net op in toanielskoalle. Geertsma wie regisseuze by Ratatette.

Bron: WikipedY


Marijke Geertsma en Jan Arendz wonen thans in Grou. Het echtpaar verliet  na 38 jaar hun woonboerderij in Wytgaard. Geertsma en Arendz (beiden 65 jaar) zijn bekend van de vele Friese toneel- en theaterproducties. Vanaf het begin van hun loopbaan werkten beiden in deeltijd bij toneelgezelschap Tryater, met nog een deeltijdbaan in het onderwijs er naast. Op 1 augustus 1988 kwamen ze voltijds in dienst bij Tryater. Dat duurde tot 1 januari 2013, toen er wegens bezuinigingen een eind kwam aan hun dienstbetrekking. 

Na deze periode in dienstverband wordt " J&Mteaterwurk" opgericht.
Naast reclame-opdrachten spelen ze in films en tv-series.

Bron: de Grouster