Ulbe van Dijk

Ulbe van Dijk  (Gau, 1841 – Amsterdam 1909)   kortebaan-rijder

Kranten skreaune  oer him as 'den koning der hardrijders', de 'ongeslagen kampioen' en 'de schier onoverwinnelijke.' Der hat gjin oare Fryske reedrider west dy't safolle kostbere prizen wûn hat.

 

Hy waard yn 1841 berne yn Gau. Syn heit wurke as boer en Ulbe soe him opfolgje. Doe't Ulbe 19 jier wie, wûn hy op De Jouwer foar it earst in priis mei in hurdriderij. En dêrnei gie it rap. Yn febrewaris 1864 waard der yn de krante skreaun dat Ulbe 'volgens een te Wijmbritseradeel loopend gerucht' al 600 gûne de moanne fertsjinne op it iis. Hy koe 160 meter yn 11 sekonden ôflizze. Faak gie Ulbe op moandei fuort en kaam er sneontejûn werom mei seis prizen fan 100 gûne of mear.

Rinke Tolman

"De roem der Friesche schaatsrijders"

Op de koarte baan wie Ulbe jierren de rapste rider. Hy wûn net allinne jild, mar ek bygelyks in lúkse klok, horloazje en skinktsjettel. Hy wie in beroemd man: "De élite der provincie sprak hem aan, de besturen der ijsclubs vereerden hem." Yn 1864 soe kening Willem III him sels útnûge hawwe op paleis Huis ten Bosch yn Den Haag om de 'roem der Friesche schaatsrijders' te sjen. De reis soe wol
betelle wurde.

Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

99 prizen en preemjes

Ulbe wûn safolle prizen, dat guon iisklups him yn 1871 útsleaten fan dielname oan hurdriderijen. Nettsjinsteande dat gie yn 1873 foar it earst in priis oan Ulbe foarby: hy wie yn it 'schaatsenrijden eindelijk overtroffen'. Ulbe bleau noch oant 1879 aktyf riden, mar de winner fan eartiids wie hy net mear. Yn syn karriêre hat hy yn totaal 99 prizen en preemjes wûn. Eins hie hy 100 wollen, mar dat is him net mear slagge.

Mei boeredochter Aetske Terpstra krige Ulbe tusken 1867 en 1887 leafst 11 bern. Yn 1882 ferhuze de húshâlding nei Raerd. Van Dijk krige in lânboukrisis en sike kij foar de kiezzen. Hy liet it boer-wêzen efter him en ferhuze yn 1887 nei Wytgaard, dêr't er wurke as keapman en slachter.

Rinke Tolman

Fan winner ta earmoedlijer

Yn 1889 gie Ulbe lykwols fallyt. Syn reedrydprizen moasten ferlotte wurde om de skuldeaskers te beteljen. Hy ferhuze nei Dronryp, dêr't er noch as keapman en arbeider wurke. Yn 1891 skreau de krante dat hy 'armoede lijdende' wie: "Aldus gaat de roem der wereld verloren!"

Yn 1905 fierde iisklup Thialf it gouden jubileum op It Hearrenfean mei âld-hurdriders as pommeranten. Ek de 63-jierrige Ulbe van Dijk wie derby, om sels noch in wedstriid te riden. It sil ien fan syn lêsten west hawwe. Yn 1909 ferhûze hy fan Dronryp nei Amsterdam, dêr't bern fan him wennen. Dêr ferstoar Ulbe van Dijk op 25 novimber 1910. Hy is yn Gau begroeven. Syn grêf bestiet hjoed-de-dei al net mear.

Bron: Omrop Fryslân  01-02-2021

Maak jouw eigen website met JouwWeb